Côte d'Azur: Friezen troffen

22 jun 2010 - 12:13
  • Foto: Broer en Tini van Dijk

De famylje Van Dijk út Ljouwert hat foar tûzenen euro's skea troch it minne waar oan 'e Côte d'Azur yn Frankryk. Troch de reinfal is der sprake fan wetteroerlêst en oerstreamings. Broer en Tini van Dijk moasten harren caravan achterlitte om evakuearre te wurden.

De caravan kaam foar de helte ûnder wetter te stean. It mobile fakânsje-ûnderkommen kin as ferlern beskôge wurde. Oars is it om dizze tiid hinne ornaris moai waar yn it gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)