COS nimt antirasisme-priis oer

15 nov 2001 - 00:00

It COS, sintrum foar ûntwikkelingsgearwurking, nimt de organisaasje fan de antirasisme-priis oer fan de gemeente Ljouwert. De gemeente fynt it te lêstich om it útrikken fan de priis goed ta te rieden en lit it dêrom oer oan it COS.

De antirasisme-priis is sân jier lyn op inisjatyf fan PAL/GrienLinks ynsteld. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt oan in persoan of organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)