COS hat Bob Geldof útnoege

26 nov 2005 - 17:18

It Ljouwerter Centrum voor Ontwikkelingssamenwerking, it COS, bestiet 25 jier en jout op 10 desimber in grut feest. As earegast is popmuzikant Bob Geldof útnoege, mar oft dy ek komt is noch net wis.

It COS helpt Fryske organisaasjes en partikulieren dy't harren ynsette wolle foar de tredde wrâld. Yn ferliking mei oare provinsjes rinne de Friezen foarop wat ûntwikkelingsgearwurking oanbelanget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)