Cornelis Terpstra hâldt op mei keatsen

09 jun 2015 - 23:15
  • Cornelis Terpstra

Cornelis Terpstra hâldt op mei keatsen omdat hy net oan in konkurrearjende keatswant komme kin. Dat hat hy tiisdeitejûn besletten nei oerlis mei syn partoer. Terpstra woe mei in eigen makke want keatse, mar krige dêrfoar gjin tastimming fan it keatsbûn KNKB. In koart pleit dêroer ferlear hy.

Der binne 3 minsken dy't in lisinsje ha fan it KNKB om keatswaten te meitsjen. Terpstra besocht in want te bestellen by ien fan de trije lisinsjehâlders: Reinder Triemstra. Dat slagge net en Terpstra hie net it idee dat it bûn him hjirmei helpe woe.

Hy fielt him no bûtensluten fan de sport. Syn partoer moat no op syk nei in ferfanger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)