Corneliastichting yn Beetstersweach fiert ieufeest

23 apr 2015 - 08:32

De Corneliastichting yn Beetstersweach fiert ein maaie syn 100-jierrich bestean. De stichting presintearret dêrby ûnder oare in boekje oer freule Cornelia van Lynden. Cornelia ferstoar yn 1880 op tweintich jierrige leeftiid oan TBC. Ta oantinken oan har waard de stichting oprjochte. Dy sette him earst yn foar de bestriding fan TBC, mar helpt no bern mei in beheining.

By de fiering wurdt ek de opknapte klokkestoel op it terrein fan Lyndenstein ûntbleate. Lyndenstein is it eardere wenhûs fan de famylje Van Lynden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)