Cordis makket gjin regeling

27 nov 2007 - 11:31
  • De direksje fan Cordis is benaud foar 'leechrin'

Der komt gjin frijwillige fertrekregeling foar meiwurkers fan it kateterfabryk Cordis yn Roden. De bûnen seagen graach dat der wol sa'n regeling kaam. Meiwurkers fan it bedriuw dy't no earne oars in baan fine, kinne dan in fergoeding krije.

It fabryk giet takom jier ticht. Foar de 700 meiwurkers is dan gjin plak mear. De direksje fan Cordis wurket net mei oan in fertrekregeling, út angst foar leechrin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)