Cordis definityf ticht

17 okt 2007 - 14:35
  • It doek is fallen foar Cordis

It bedriuw Cordis yn it Drintse Roden giet definityf ticht. Dat ha de fakbûnen CNV en FNV woansdei befestige. By Cordis wurkje 700 minsken, werûnder sa'n 200 Friezen.

It bedriuw makket medyske apparatuer. Cordis is yn de problemen rekke troch de neisleep fan in rjochtsaak tusken it Amerikaanske memmebedriuw Johnson & Johnson en in konkurrint. Dy wûn de saak, wêrtroch twa jier lyn ek al 400 minsken ûntslein wurde moasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)