Cor Boonstra frijsprutsen

03 maaie 2003 - 00:00

Ald-Ljouwerter en âld-Philips-topman Cor Boonstra is frijsprutsen fan hannel mei foarkennis. Boonstra stie terjochte om't hy ynformaasje krigen ha soe fan syn eksfreondinne Sylvia Tóth fanút har funksje by it Endemol-kommissariaat.

De rjochtbank yn Amsterdam oardiele freed dat Boonstra hannel mei foarkennis yn Endemol-oandielen net oanrekkene wurde kin. Wol moat Boonstra in boete fan 135.000 euro betelje foar trânsaksjes mei Ahold-oandielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)