'Coole plakken' foar jeugd

18 sep 2004 - 08:59

Dantumadiel wol de oerlêst fan jongeren yn de gemeente oanpakke. Dat dogge se mei saneamde 'coole plakken'. Yn De Westerein, Damwâld, Feanwâlden, Rinsumageast en Wâlterswâld komme oerdekte picknicktafels te stean. Jongeren kinne op sa'n plak by elkoar komme.

De gemeente lûkt 20.000 euro foar de coole plakken út. In wurknimmer fan de ôfdieling Wolwêzen fan Dantumadiel hat de namme 'coole plakken' betocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)