Containers lânbougif yn Noardsee

22 des 2003 - 00:00

De Kustwacht hat moandei om 'e nocht socht nei trije containers mei lânbougif, dy't yn see telâne kaam binne. Oannommen wurdt dat se sonken binne.

In skip hat de containers it ôfrûne wykein yn it stoarmige waar op de Noardsee ferlern. Yn elk sitte twahûndert fetten mei hûndert liter tige giftich lânbougif. Der bestiet in mooglikheid dat de containers oanspiele op Flylân of Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)