Contador wint 28e profronde

04 aug 2009 - 22:21
  • Contador wint de Profronde foar de twadde kear (foto Jilmer Postma)
  • Alberto Contador gie allinnich oer de finish (foto Martin de Jong)

De winner fan de Tour de France, Alberto_Contador, hat tiisdeitejûn de 28e profronde fan Surhústerfean wûn. Hy kaam nei 90 kilometer solo oer de einstreek. Koart dêrachter sprinte Lieuwe_Westra fan Mûnein nei it twadde plak, krekt foar Stef Clement.

It is al de twadde kear dat Contador de gouden fyts mei nei hûs nimme mei. Yn 2007 wûn hy de profronde ek. Der kamen in soad minsken ôf op it spektakel. Mear as 30 tûzen minsken stiene lâns it parkoers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)