Contador nije wike yn S'fean

27 jul 2009 - 17:51
  • Contador by syn foarige optreden yn Surhústerfean yn 2007 (foto Martin de Jong)

Alberto Contador, de winner fan de Tour de France, rydt definityf de Profronde fan Surhústerfean. Dat hat it Wielercomité Surhústerfean moandei bekend makke. De Spaanske hurdfytser wie oan de organisaasje oanbean, mar dy wist earder noch net of der genôch jild wie om Contador te beteljen.

Hoefolle de komst fan Contador nei Fryslân kostje moat, seit de organisaasje net, mar it giet om tsientûzenen euro's. De Profronde fan Surhústerfean is op 4 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)