Conegroup wol swimbad De Frosk

12 nov 2010 - 10:59

Swimbad De Frosk yn De Westereen sil mooglik ferkocht wurde oan de Conegroup. De gemeente Dantumadiel wol in prinsipe-oerienkomst tekenje mei de Conegroup oer in oername.

Dantumadiel wol fan it swimbad ôf omdat de gemeente flink besunigje moat. It bad is âld en der moat ynvestearre wurde om De Frosk te modernisearjen. Conegroup eksploitearret en beheart in grut tal sport-, kultuer-, en wolwêzensfoarsjennings yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)