Skoalle hopet op nijbou

08 nov 2013 - 16:27
  • Skoalle De Commanderije op It Hearrenfean

Basisskoalle De Commanderije op It Hearrenfean liket no dochs nije húsfesting te krijen. De skoalle is driuwend oan grut ûnderhâld ta, mar de gemeente en de ûnderwiiskoepel stekke der gjin jild yn.

Der binne al jierren plannen foar in nij gebou dêr't de trije basisskoallen De Commenderije, De Letterbeam en De Akkers yn ûnderbrocht wurde. Dat liket no te slagjen. De gemeenteried hat 7 miljoen foar de nijbou oer en wurket oan in konkreet plan. Mar op de Commanderije binne se der earst gerêst op, as de skeppe echt de grûn yn giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)