Comenius wol ferhuzing Atoglas

21 jun 2001 - 00:00

It gemyske bedriuw Atoglas yn Ljouwert moat sa gau mooglik ferhúzje nei in yndustryterrein. Dat seine buertbewenners en skoalmienskip Comenius, de buorman fan Atoglas, tongersdei op in hearing op it Provinsjehûs oer de miljeufergunning.

It bedriuw hat al mei de gemeente praat oer mooglike ferpleatsing. Fanwege de hege kosten - 70 miljoen - en de 'beheinde risiko's' giet dat net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)