Comeback hurdfytser Nauta (42)

11 mrt 2004 - 00:00

De Ljouwerter hurdfytser Anne Harm Nauta (42) makket sneon mei syn feriening 'De Friesche Leeuw' in comeback yn 'e Ronde van Grins. Dy ronde is ien fan 'e seis wedstriden dy't meitelt foar de klubkompetysje.

De Friesche Leeuw die sân jier lyn foar it lêst mei. No kinne ploechlieder Robert Winkel en trainer Nauta kieze út tolve hurdfytsers, dêr't Nauta sels ien fan is. Nauta skreau yn 1987 yn Grinslân de 'Gasbeltoer' op syn namme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)