Comeback Aris net genôch

16 feb 2008 - 22:35
  • Aris skoart hjir út in dunk
  • Oandachtich publyk by de basketballderby tsjin Grins

Basketbalklub Aris Friesland stie fjirtjin punten efter, kaam dêrnei mei ien punt foar, mar ferlear úteinlik dochs fan de Hanzevast Capitals út Grins. Op It Kealledykje yn Ljouwert stie Aris yn it twadde kwart mei 60-46 efter. Troch ûnder oare 17 punten fan Booker waard it 74-73 foar Aris. Yn de lêste minuten wie Grins krekt wat tûker en pakten se de winst mei 89-98.

Aris bliuwt ien-nei-lêste mei tsien punten. De play-offs binne fier fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)