Combilex Seisbierrum fallyt

12 sep 2012 - 14:20

Boubedriuw Combilex 75 yn Seisbierrum is fallyt ferklearre. Reden is de malêze yn de bou. Der wurkje tsien minsken by it bedriuw en neffens kurator Van Beilen is it noch te betiid om wat te sizzen oer de kânsen fan in trochstart of oername fan it bedriuw.

Combilex wie foaral oan it wurk as ûnderoannimmer yn de ôfbou. Der is in skuld fan 550.000 euro, mar de belestingen en it personiel binne wol gewoan betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)