Coldplay stipet Ilanois

02 des 2013 - 08:51
  • Ilanois krijt omtinken fan Coldplay

It giet goed mei de Fryske poprockband Ilanois. De band hat stipe krigen fan de de wrâldferneamde Ingelske band Coldplay. Dy band pleatste nammentlik in fideo fan Ilanois op harren webside. It giet om it nûmer ‘Chase The Sundown With Me’. Ilanois krige mei it album út 2011 lanlike bekendheid, it album waard draaid op 3FM en se stiene yn it programma 'De wereld draait door'.

Op dit stuit docht de band it wat rêstiger oan, mar nije wike komme se yn aksje foar Serious Requst en dan is der ek nij materiaal te hearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)