'Coffeeshops moatte bliuwe'

09 nov 2008 - 14:11
  • Boargemaster Ferd Crone

Coffeeshops moatte gewoan bestean bliuwe. Se soargje derfoar dat de oerlêst fan softdrugs-brûkers te behearskjen binne. Dat seit boargemeaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert yn in reaksje op útspraken fan CDA-foaroanman Pieter van Geel op in CDA-kongres.

It CDA wol coffeeshops slute omdat dy soargje foar drugsoerlêst en kriminaliteit. Neffens Crone moat de organisearre misdied mei syn himptylt oanpakt wurde en net de ferkeappunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)