Coffeeshop yn Damwâld?

18 apr 2007 - 16:37

In coffeeshop moat der mooglik foar soargje dat it drugsgebrûk yn Dantumadiel better yn kaart brocht wurdt. De PvdA yn de gemeenteried wol útsykje wat dêr de mooglikheden fan binne en oft der stipe foar is.

No is der gjin coffeeshop yn Damwâld en omkriten. Dêrtroch rint de softdrugsferkeap faak fia yllegale kanalen en is der gjin tafersjoch. De PvdA wol besjen oft in coffeeshop in oplossing is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)