Coffeeshop Ljouwert yn de fout

21 okt 2011 - 10:36

In coffeeshop yn Ljouwert is tongersdei trapearre om't der in minderjierrige yn de saak wie en gjin liedingjaande. Dat die bliken by in kontrôle fan de plysje en de Belestingtsjinst. Mei-inoar krige tolve coffeeshop besite. Ien dêrfan gie de fout yn. By de oare alve waarden gjin fouten konstatearre.

Ljouwert hat trettjin coffeeshops. Ien dêrfan moast earder al ticht fan de gemeente omdat se harren net oan de regels hâlden hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)