Coffeeshop Ljouwert bestraft

28 jan 2011 - 09:53

Coffeeshop American yn Ljouwert moat fan 11 febrewaris ôf in moanne lang ticht. Dat hat boargemaster Crone besletten. By in plysjekontrôle yn oktober ferline jier die bliken dat twa minderjierrigen yn 'e coffeeshop wiene, ien fan 15 en ien fan 17 jier.

De eigner fan de coffeeshop is ferantwurdlik foar de kontrôle hoe âld de besikers binne. Neffens Crone is sprake fan in swiere oertreding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)