Coffeeshop Atlas mei ticht

11 jun 2003 - 00:00

Frjentsjerteradiel mei coffeeshop Atlas yn Frjentsjer slute. Dat hat de Rie fan Steate bepaald. Yn de coffeeshop binne softdrugs oantroffen. Yn Frjentsjer is dat net tastien. De gemeente tocht dat de drugs foar de hannel wienen. Neffens de eigners fan de saak wie it foar eigen gebrûk.

Om sluting foar te kommen binne de eigners nei de Rie fan Steate stapt. Dy hat de gemeente by de behanneling fan de saak dus gelyk jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)