COC: 'negear útspraak'

17 mrt 2002 - 00:00

It COC Fryslân ropt gemeenten op in útspraak fan de kommisje gelikense behanneling te negearen. Freed oardielde de kommisje dat amtners it sluten fan it homohoulik wegerje meie, as se der gewissebeswieren tsjin ha.

It COC neamt de útspraak "ûnwettich, diskriminearjend en ûnakseptabel." Ljouwert joech ferline jier in amtner dien fanwege skeel oer it homohoulik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)