Coberco garandearret molkepriis

17 nov 2003 - 00:00

Boeren dy't molke leverje oan Friesland Coberco hoege har gjin soargen te meitsjen oer de opbringst fan de molke. Dat seit Friesland Coberco. It bedriuw hat no noch fêste priisôfspraken.

Boeren binne benaud dat de prize-oarloch har jild kostje sil, as der minder foar molke betelle wurdt troch de supermerken. Moandei is Albert Heijn begûn mei in nij suvelmerk, dat 15 oant 25 prosint goedkeaper is as it eigen húsmerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)