Coaster yn oanbou losslein

01 nov 2006 - 14:32

By Harns is woansdei yn 'e stoarm by de Volharding in coaster yn oanbou losrekke en op 'e dyk slein. Dêr leit er no fêst. Sleepboaten ha de hiele moarn besocht it skip los te lûken, mar dat is noch net slagge.

De rêdingsboat fan It Amelân is weromfûn. De boat rekke yn swierrichheden op de Noardsee en radiokontakt gie ferlern. Hy wie in pear kear oer de kop slein. Ferskate helptsjinsten wiene ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)