Coach VIOD krekt net de beste

17 des 2012 - 19:27
  • Gideon van Ligten fan VIOD

Gideon van Ligten is krekt net 'coach fan it jier' yn it frouljusfuotbal wurden. De coach fan de froulju fan it Driezumer VIOD kaam 170 stimmen tekoart foar dizze titel, dy't úteinlik wûn waard troch de coach fan Venlosche Boys, dy't trije jier lyn mei frouljusfuotbal by syn club begongen is en allinnich noch mar suksessen boekt hat.

De froulju fan Driezum hiene der alles oan dien om Gideon van Ligten ta winner te meitsjen, mar se moasten úteinlik genoegen nimme mei it twadde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)