Coach: Sven hie al langer lêst

22 nov 2010 - 21:32

De blessuere oan de rjochterskonk pleage reedrider Sven Kramer al langer. Dat seit syn coach Geert Kuiper. De pine boppe de knibbel stuts yn it foarige seizoen geregeld de kop op, mar waard nei trije dagen trainingskamp yn Súd-Afrika sa slim dat Kramer der thús mei nei de dokter woe.

Kuiper tinkt dat Kramer dit seizoen net mear op redens komme sil, om syn skonk rêst te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)