COA wol bêden frij krije yn azc's foar nije asylsikers

16 aug 2015 - 10:25
  • It azc yn Burgum

It Sintraal Orgaanopfang Asylsikers (COA) besiket 1000 bêden frij te krijen yn de Nederlânske asylsikerssintra. Dat is nedich, omdat der alle wiken ûngefear 1700 nije asylsikers bykomme. Dêr komt by dat de útstream fan flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning nei gemeenten hiel dreech giet, omdat der hast gjin sosjale hierwenten binne.

Troch it saneamde 'zelfzorgarrangement' kinne flechtlingen mei in ferbliuwstatus dy't no yn in asylsikerssintrum sitte by famylje of freonen ynlûke. It bêd dat frijkomt, kin brûkt wurde troch oare flechtlingen.

Neffens Jacqueline Engbers fan it COA sille yn Fryslân mooglik sa'n tweintich flechtlingen gebrûk meitsje fan it 'zelfzorgarrangement'. De flechtlingen dy't dat dogge, krije in lytse finansjele fergoeding as se ûnderdak fine bûten it asylsikerssintrum

Der komme no benammen asylsikers út Syrië en Eritrea nei Nederlân ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)