COA: "Nije wike dúdlikens"

05 nov 2014 - 11:37

It COA ferwachtet begjin nije wike dúdlikens jaan te kinnen oer de opfang fan fiifhûndert asylsikers yn Riis. Dat seit wurdfierster Alet Bouwmeester fan it COA. It COA ferwachtet in ferhâlding fan 40 persint âlden mei bern en 60 persint allinnichsteanden yn Riis. Dat persintaazje is ôfhinklik fan de ynstroom fan flechtlingen yn ús lân. Op it stuit komme de flechtlingen benammen út Syrië.

As de opfang fan de asylsikers trochgiet, is noch net dúdlik oft yn Mooi Gaasterland in 'AZC' komt of in 'Proces opvang locatie' (POL).

Yn in POL ferbliuwe de flechtlingen net langer as tolve dagen yn ôfwachting fan harren fersyk foar asyl yn Nederlân. It COA wol goed sjen nei mooglikheden om bern ek nei skoalle gean te litten yn Riis of omkriten. Op dat mêd wol it COA ôfspraken meitsje mei de gemeente De Fryske Marren.

Bouwmeester is bliid om te hearren dat yn Riis ek minsken binne dy't de flechtlingen wolkom hjitte wolle. Tiisdei waard dúdlik dat de aksjegroep 'Wolkom yn Riis' der foar soargje wol dat de asylsikers harren thús fiele kinne yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)