COA moat beslút op 'e nij besjen

26 feb 2003 - 00:00

De provinsje hat it COA frege it beslút oer de asylsikers op It Amelân op 'e nij te besjen. De flechtlingen moatte fan it eilân, nettsjinsteande de útspraak fan de rjochter. Dy bepaalde dat de famyljes dy't it azc yn Kollum moasten, earst bliuwe mochten. It COA siket dêr dochs in oare opfang foar.

Deputearre Ploeg (CDA) hat oproppen der in prinsipesaak fan te meitsjen. It 'gejojo' moat dien wêze, seit er. Hy fynt dat it COA him hurd op stelt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)