COA freget om opfang yn Riis

01 okt 2014 - 17:07
  • It haadgebou fan Mooi Gaasterland

It Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) hat by de gemeente De Fryske Marren in oanfraach yntsjinne om in asylsikerssintrum te fêstigjen op it terrein fan Moai Gaasterlân yn Riis. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders sil mei it COA prate oer de mooglikheden. Dêrby wurdt net allinnich sjoen nei Riis, mar ek nei oare plakken binnen de gemeente. De gemeente wit net oft Riis it meast gaadlike plak is.

It gebou út 1912 wie oant in pear jier werom in akkommodaasje foar jeugdsoarch. Yn 2011 is it gebou te keap oanbean.

Op ynternet stiet in ferkeapfilmke oer it kompleks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)