COA betellet learkrêften

27 mrt 2009 - 10:38
  • It eardere AZC yn Dokkum

Opvangorganisaasje COA betellet de ekstra kosten fan it langer iepen bliuwen fan it asilsikersintrum Dokkum. It giet om in bedrach fan 25.000 euro foar salarissen fan learkrêften. Dat makke wethâlder Klaas de Graaf fan 'e gemeente Dongeradiel tongersdei bekend yn 'e gemeenteried.

De gemeente Dongeradiel besleat earder it azc Dokkum net op 1 maart ticht te dwaan. De bern krije sa de kâns om it skoaljier ôf te meitsjen. It besteande azc-sintrum wurdt letter wol sloopt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)