COA: "AZC Balk kin binnen in jier iepen"

27 aug 2015 - 11:11
  • Ynwenners fan Balk prate oer it nije AZC dat yn it doarp komt

No 't de gemeenteried fan De Fryske Marren akkoart gien is, kin it AZC fan Balk yn in perioade fan 5 oant 9 moannen klear wêze. Dat seit it COA yn reaksje op de beslútfoarming fan woansdei. It COA is bliid mei de unanime ynstimming fan de ried, mei de komst fan in AZC fan 500 bewenners.

It COA sil de kommende wiken noch wiidweidich oerlizze mei de klankboerdgroep fan Balk. Dêryn sitte omwenners, pleatslik belang en de tsjerken. Hoe't it AZC der út sjen sil is noch net bepaald. Ek is der noch gjin oannimmer oansocht om it AZC te bouwen.

Pas letter wurdt in planning makke, mar it doel is wol om it AZC sa gau mooglik te iepenjen. Neffens it COA is der grut ferlet fan nije opfangplakken.

Woansdei noch die it COA in oprop oan Fryske gemeenten om in lokaasje foar in AZC beskikber te stellen. It COA is op dit stuit al yn petear mei Súdwest-Fryslân, oer in AZC yn Snits.

It beslút foar in AZC yn Balk, kin yn it doarp rekkenje op ynstimming, sa docht bliken út de reaksjes op strjitte. Mar, oer dat oantal fan 500 asylsikers hawwe de ynwenners noch wol twifels. In soad minsken jouwe oan dat se 500 tefolle fine.

De direkte omwenners binne minder posityf. Woansdei nei ôfrin fan de gemeenteried joech buorman Johannes de Winter al oan nei de rjochter te stappen. Hy is benaud dat syn pleats op slot komt te stean troch de komst fan it AZC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)