CNV warskôget foar útstel

04 feb 2010 - 13:27

Wurknimmers by de Fryske boubedriuwen reitsje mooglik harren baan kwyt. Dêr is fakbûn CNV benaud foar no't de Earste Keamer de behanneling fan de krisiswet oant oare moanne útstelt.

Troch de ekonomyske krisis en it winterwaar sitte boubedriuwen kwa jild yn need. Grutte projekten moatte sa gau mooglik útfierd wurde, want dat smyt in soad wurk op. It kabinet en de Twadde Keamer binne it iens oer it earder útfieren fan bouprojekten, mar de Earste Keamer leit foarearst dwers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)