CNV: ûntslaggen by Edah

31 jan 2006 - 21:42

De ferkeap fan 'e supermerken Edah en Konmar troch Laurus sil in soad banen kostje by dy supermerken. Dêr is alteast fakbûn CNV benaud foar. Laurus wol Edah en Konmar kwyt om jild oer te hâlden foar de fierdere ûntjouwing fan Super de Boer. Der wurdt rekken hâlden mei it ferlies fan 290 banen, mar it CNV tinkt dat it der wolris folle mear wurde kinne.

Der binne yn Fryslân tsien Edah-winkels en twa Konmars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)