CNV: sluting SCI ûnakseptabel

01 aug 2002 - 00:00

Fakbûn CNV is lulk oer it beslút fan 'e direksje fan SCI om it kompjûterfabryk op it Hearrenfean te sluten. SCI is mei in soad subsydzje nei Fryslân helle en draait noch mar fjouwer jier.

Der hawwe 400 minsken by SCI wurke. Op dit stuit hat SCI 280 meiwurkers. Dy hawwe ein desimber gjin wurk mear. De direksje wol it fabryk slute omdat de kompjûtermerk slim ynsakke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)