CNV: rôfbou Philips-personiel

25 mrt 2009 - 22:19

Der wurdt rôfbou dien op de fêste wurknimmers fan Philips yn Drachten. Dat ha kaderleden fan it CNV woansdei sein op in gearkomste fan alle Philips-kaderleden. Wurk dat nei it bûtenlân útbestege wurdt, komt like hurd wer werom troch kwaliteitsproblemen. De minsken yn Drachten moatte har dêr mar mei rêde.

Ek wurde managers mei bonussen sa bot stimuleard om de resulaten te ferbetterjen dat wurknimmers oan de ein fan de dei lamslein nei hûs ta gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)