CNV poer op jachtbouwer

03 aug 2012 - 13:46

Fakbûn CNV ferwyt Icon Yachts yn Harns gebrek oan fatsoen en moreel besef. De jachtbouwer yn Harns hat tongersdei foar 28 wurknimmers ûntslach oanfrege. Dat is sawat in tredde fan it personiel.

It CNV makket him lilk om't de twa eigeners dy't ek opdrachtjouwer binne fan de bou fan twa skippen, wol tsientallen miljoenen stekke yn harren eigen skip, mar net in pear ton oer hawwe foar in goed sosjaal plan. It sosjaal plan jild ek noch mar foar in diel fan it personiel. Se kinne fia in outplacementburo oan 'e slach, mar der is net folle wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)