CNV pakt ljedderfabryk oan

14 jul 2008 - 11:33
  • Centrum wol no wol prate mei it CNV

Fakbûn CNV stapt definityf nei de rjochter om 40.000 euro oan efterstallich lean werom te krijen fan ljedder- en stegerfabryk Centrum fan It Hearrenfean. Neffens it fakbûn hat it fabryk him net oan de CAO hâlden, wylst dat wetlik ferplichte is.

Fierder soe der lean ynhâlden wêze fan minsken dy't har siik meld ha. De foardering fan it CNV giet oer 4 fan de ûngefear 20 meiwurkers. It bedriuw hie oant freed om op de easken fan it CNV te reagearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)