CNV lilk op Friso Bouwgroep

10 jan 2014 - 13:04
  • Bouwgroep Friso

Fakbûn CNV is min te sprekken oer de hannelwize fan Friso Bouwgroep om meiwurkers te freegjen oft se frijwillich ûntslach nimme wolle. Bestjoerder Johannes Osinga seit dat soks net kin, omdat de wurknimmers dêrtroch in folle minder sterke posysje krije, mochten se dêrnei op 'e nij yn de WW reitsje. Neffens Osinga soe Friso 37 minsken foar sa'n frijwillich ûntslach tekenje litte.

It CNV wol op 'e nij mei de direksje fan Friso Bouwgroep om tafel om oer de situaasje te praten. Direkteur Henk Dedden fan Friso Bouwgroep fersmyt de krityk.

Direkteur Henk Dedden fan Friso Bouwgroep bestridet de útlis fan it fakbûn. Neffens him hawwe útfierders de wurknimmers fan útfierde projekten frege wa't tydlik yn de WW woe, om dêrnei wer gewoan oan it wurk te gean. Neffens Dedden komme der wer foldwaande nije wurkprojekten oan om elkenien yn 2014 wol oan it wurk te hâlden.

By timmerfabryk Houkesloot Toelevering, in ûnderdiel fan Friso Bouwgroep, krije wol tsien minsken dien. De oarsaak is de minne ekonomyske situaasje yn de bou. Dêr hat it fabryk in soad lêst fan. Sy leverje oan ferskate grutte boubedriuwen en dy nimme no minder ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)