CNV kritysk oer Friesland Bank

13 jan 2012 - 12:47

It fakbûn CNV fynt it sluten fan fiif filialen fan de Friesland Bank gjin reden om minsken dien te jaan. Se sille dan ek skerp yn 'e gaten hâlde dat alle meiwurkers oar wurk krije by de bank.

Alle meiwurkers binne freed op 'e hichte brocht fan de feroarings. It is neffens de bank nedich, om effisjinter te wurkjen. Hieltyd minder minsken gean noch nei in bankkantoar ta. Se regelje de banksaken op ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)