CNV helpt wurkleazen

01 mrt 2004 - 00:00

In 100 minsken hawwe moandei de help ynroppen fan it Bedriuwebûn CNV by it finen fan wurk. It giet om wurkleaze leden fan it bûn, dy't troch it CNV útnoege waarden foar in sprekoere op it kantoar yn Drachten.

Op it sprekoere koene fakatueres ynsjoen wurde, wie ynformaasje te krijen oer opliedings en koe in oardiel frege wurde oer skreaune sollisitaasje- brieven. Neffens it CNV is der grut ferlet fan help oan wurkleaze leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)