CNV hat soargen oer Philips

19 jun 2008 - 15:53
  • Noch mear banen fuort by Philips
  • Se wurde hjir net mear ynpakt

Nei it ferdwinen fan de ferpakkingsôfdieling driget Philips-Drachten op termyn ek de folsleine distribúsje kwyt te reitsjen. Dêrfoar warskôget fakbûnsbestjoerder Piet Fortuin fan de CNV-Bedrijvenbond. Tongersdei is bekend wurden dat it ferpakken ferhuzet nei in lân dêr´t de leanen leger lizze: nei alle gedachten Hongarije.

Neffens it fakbûn ferlieze dêrtroch hast fyftich fêste minsken en nochris hûndert útstjoerkrêften harren baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)