CNV: Gjin twongen ûntslaggen

23 maaie 2007 - 21:05

By de grutte reorganisaasje by de Postbank en de ING Bank falle nei alle gedachten gjin twongen ûntslaggen. Dat seit it fakbûn CNV nei oerlis mei de ried fan bestjoer. De Postbank en de ING hawwe beide in festiging yn Ljouwert.

Dêr wurkje goed 2200 minsken. Ferline wike waard in grutte reorganisaasje oankundige. Dêrtroch sil de merknamme Postbank ferdwine. Tagelyk skrast it ING-konsern 2500 foltiidsbanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)