CNV: Gjin reden ûntslaggen DE

24 apr 2009 - 20:59
  • Neffens it fakbûn hoege der gjin minsken út by DE

Der is gjin inkele reden om minsken te ûntslaan by Douwe Egberts. Dat seit it fakbûn CNV. De direksje fan Douwe Egberts wol 165 banen skrasse omt de ferkeap fan kofje en tee bot minder wurden is troch de ekonomyske krisis.

Op De Jouwer soe dat 28 banen kostje. It CNV fynt dat net terjochte omt Douwe Egberts noch altyd winst makket. Dy is wol minder wurden as yn oare jierren, mar ferlies is der yn elts gefal net. It fakbûn wol mei de direksje om tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)