CNV: bredere oanpak wurkleazen

10 jan 2014 - 19:43

Yn Noard-Nederlân is in folle bredere oanpak nedich om minsken dy't harren baan ferlieze oan wurk te helpen. Dy oprop docht fakbûn CNV Vakmensen oan oerheden en wurkjouwers. It UWV besiket no mei koarte sollisaasjetrainingen wurkleazen sa gau as mooglik oan in baan yn har fakgebiet te helpen. Banen dy't der yn it Noarden lang net altyd mear binne.

Dêrom soene UWV en wurkjouwers minsken faker in oplieding foar oar wurk oanbiede moatte. Dêrmei wurde kânsen op it finen fan in nije baan grutter, tinkt CNV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)