CNV: bestjoer It Wiid is sleau

27 nov 2002 - 00:00

It fakbûn CNV hat it betrouwen opsein yn it bestjoer fan de feriening fan eigners fan bungalowpark It Wiid by Earnewâld. It bûn tinkt net dat it bestjoer it park út de jildproblemen helje kin.

It CNV soe tiisdei mei de feriening fan eigners prate, mar it bestjoer sei op it lêste momint ôf. It bûn fynt it bestjoer sleau. Sa soe der noch gjin plan fan oanpak wêze foar takom jier. It CNV tinkt dat It Wiid fallyt giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)