CMV Oranje Grootegast slút ONFK winnend ôf

10 apr 2016 - 10:31

CMV Oranje Grootegast is de winner fan de heechste difyzje fan de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen wurden. It orkest ûnder lieding fan Anne van der Berg behelle mar leafst 95 punten. Bêste Fryske dielnimmer yn dizze difyzje wie Fanfare Joost Wiersma. Sy einigen op it tredde plak en behellen ûnder lieding fan dirigint Ido Gerard Kempenaar 93.17 fan de maksimaal te beheljen 100 punten.

Oan it ONFK, dat alle jierren hâlden wurdt yn de Lawei Drachten, dienen 38 fanfares mei wêrfan 17 út Fryslân. Yn trije fan de fiif difyzjes waard in Frysk orkest kampioen. De folsleine útslach fan alle difyzjes fan it ONFK is hjir te besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)